Fan 9 oant en mei 18 maaie 2025 bloeit it yn Kollumersweach en Feankleaster, en dat wurdt fierd mei in spesjale aktiviteit foar echte Friezen en leafhawwers fan ús eigen kultuer: in Kroechkwis oer Fryslân. De kwis wurdt holden op saterdei 10 maaie yn De Trije Doarpen oan de Foarwei 116 yn Kollumersweach. De doarren geane iepen om 19.30 oere, de kwis begjint om 20.00 en duorret oant 22.30 oere.
De organisaasje ropt elkenien op dy’t grutsk is op Fryslân en dy’t syn/har kennis teste wol, om mei te dwaan. Groepen kinne bestean út 2 oant 6 persoanen. Meidwaan is fergees, mar hapkes en drankjes binne foar eigen rekken. De organisaasje – ûnder lieding fan Sibrecht yn gearwurking mei de Afûk en it kerntiim fan KFBloeit – belooft in jûn fol wille, fragen oer ús taal, kultuer en skiednis, en miskien wol in haadpriis foar it bêste ploechje.
Wa’t meidwaan wol, moat him opjaan foar 8 maaie troch in mailtsje te stjoeren nei kfbloeit@gmail.com. Net ferjitte in kreative groepsnamme te betinken! “Wy binne grutsk op wa’t wy binne, en it is heech tiid foar in feestje dat dat sjen lit,” seit Sibrecht. “Dizze kroechkwis is foar en troch Friezen. Net stinne, mar hinne!”
Foar fragen is Sibrecht te berikken op 06-42553200.
Deelname aan deze activiteit is op eigen risico.