Skip to content

𝗞𝗼𝗹𝗹𝘂𝗺𝗲𝗿𝘀𝘄𝗲𝗮𝗰𝗵 & 𝗙𝗲𝗮𝗻𝗸𝗹𝗲𝗮𝘀𝘁𝗲𝗿 𝘆𝗻 𝗯𝗲𝘄𝗲𝗴𝗶𝗻𝗴 𝗺𝗲𝗶 𝗱𝗲 '𝗕𝗹𝗼𝗲𝗶𝘄𝗶𝗸𝗲 𝗥𝘂𝗻' – 𝟱 & 𝟭𝟬 𝗸𝗺
Op snein 15 Febrewaris om 13.00 organisearje we in leechdrompelige 5 & 10 km Run. De start is op it parkearterrein oan de Tsjerkestrjitte efter de Grutte Tsjerke fan Kollumersweach. Elkenien dy't komfortabel 5 of 10 kilometer drave kin is fan herte wolkom! Wy registrearje de tiden simpel en betrouber fia guntime en in finishlist. Nei ôfrin diele wy de útslaggen en is der romte foar fragen oer training, belêstberheid en blessuereprevinsje. De priisútrikking is om 15.00 oere by “de Prins”, dêr’t wy noch neiprate kinne ûnder it genot fan in waarme poeiermolke.

Fergees hundrinskema
Dielnimmers kinne op oanfraach by info@boorsmaperformance.nl fergees in hurdrinskema krije, ôfstimd op harren doel (5 of 10 km). Dit slút oan by duorsum sûn bewegen en ferantwurde opbouwen. Drafsto mei? Yn gearwurking mei Boorsma Performance. 

Opjaan Run: Google Docs of kfbloeit@gmail.com
Run op Strava: https://strava.app.link/Aw8uFj8ojZb

𝗕𝗹𝗼𝗲𝗶𝘄𝗶𝗸𝗲 𝟮𝟬𝟮𝟲
Yn febrewaris organisearje wy alwer de twadde edysje fan de bloeiwike. Markear alfêst snein 8 oant snein 15 febrewaris yn de aginda. In wike fol moaie aktiviteiten yn Kollumersweach & Feankleaster, basearre op beweging, sûnens, duorsumens en de mienskip. Oant dan!

Deelname aan deze activiteit is op eigen risico.

Meld je dorp of wijk aan en organiseer ook een bloeiweek!

Deelnemende dorpen

De dorpen van Friesland bundelen hun krachten voor een duurzame en vitale toekomst. Klik op de buttons om te ontdekken hoe elk dorp bijdraagt aan Fryslân Bloeit. Samen creëren we een bloeiende toekomst!

Partners

Met dank aan onze waardevolle partners die dit initiatief mogelijk maken. Dankzij hun steun en inzet kunnen we samen werken aan een duurzamer en vitaler Friesland. Ontdek onze partners hieronder!

Back To Top