Skip to content
Fanwegen grut sukses: de 2e edysje fan de kroechkwis! In jûn fol wille, mei fragen oer ús taal, kultuer en skiednis - en fansels de haadpriis foar de winners.

Fan 8 oant en mei 15 febrewaris 2026 bloeit it yn Kollumersweach en Feankleaster, en dat wurdt fierd mei in spesjale aktiviteit foar echte Friezen en leafhawwers fan ús eigen kultuer: in Kroechkwis oer Fryslân. De kwis wurdt holden op freed 13 febrewaris yn De Trije Doarpen oan de Foarwei 116 yn Kollumersweach. De doarren geane iepen om 19.30 oere, de kwis begjint om 20.00 en duorret oant 22.30 oere.

De organisaasje ropt elkenien op dy’t grutsk is op Fryslân en dy’t syn/har kennis teste wol, om mei te dwaan. Groepen kinne bestean út 2 oant 6 persoanen. Meidwaan is fergees, mar hapkes en drankjes binne foar eigen rekken. De organisaasje – ûnder lieding fan Jelmer yn gearwurking mei de Afûk en it kerntiim fan KFBloeit – belooft in jûn fol wille, fragen oer ús taal, kultuer en skiednis, en miskien wol in haadpriis foar it bêste ploechje.

Wa’t meidwaan wol, moat him opjaan foar 8 febrewaris troch in mailtsje te stjoeren nei kfbloeit@gmail.com. Net ferjitte in kreative groepsnamme te betinken! “Wy binne grutsk op wa’t wy binne, en it is heech tiid foar in feestje dat dat sjen lit,” seit Sibrecht. “Dizze kroechkwis is foar en troch Friezen. Net stinne, mar hinne!”

Foar fragen is Sibrecht te berikken op 06-42553200.

Tip: besykje de “bus op paad” fan it Fries museum

Deelname aan deze activiteit is op eigen risico.

Meld je dorp of wijk aan en organiseer ook een bloeiweek!

Deelnemende dorpen

De dorpen van Friesland bundelen hun krachten voor een duurzame en vitale toekomst. Klik op de buttons om te ontdekken hoe elk dorp bijdraagt aan Fryslân Bloeit. Samen creëren we een bloeiende toekomst!

Partners

Met dank aan onze waardevolle partners die dit initiatief mogelijk maken. Dankzij hun steun en inzet kunnen we samen werken aan een duurzamer en vitaler Friesland. Ontdek onze partners hieronder!

Back To Top